Jeen van den Berg ferstoarn

08 okt 2014 - 13:16

Ald-reedrider Jeen van den Berg is woansdei op 86-jierrige leeftyd ferstoarn. Syn sûnens wie al langere tiid min. Van den Berg waard by it grutte publyk bekend doe't er yn 1954 de Alvestêdetocht wûn. Ek die er as langebaanrider twa kear mei oan de Olympyske Spelen en ried er maratons.

Yn totaal wûn Van den Berg sa'n tûzen prizen yn syn karriêre. Dy hat er yn 2004 oan it Reedrydmuseum yn Hylpen jûn. Ek wie hy eareboarger fan de gemeente Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)