500 siden reedrydskiednis

08 okt 2014 - 12:24

Skriuwer Ron Couwenhoven, âld sportsjoernalist fan de Telegraaf, hat in boek skreaun oer de hurdriderij yn Fryslân yn de 19e ieu. It boek telt hast 500 siden en stiet fol mei portretten fan allegear winners út dy tiid. Famyljeleden fan dizze reedriders hawwe meiwurke oan de ferhalen. Ek hawwe in soad musea yn Fryslân byldmateriaal en foto's beskikber steld.

Woansdeitemoarn wie de offisjele presintaasje fan it boek yn it reedrydmuseum yn Hylpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)