Measte treinen ride op tiid

08 okt 2014 - 10:51

De measte treinen yn Fryslân ride op tiid. Dat docht bliken út in grut ûndersyk fan NRC. De krante hat fan alle stasjons oardel jier lang de fertrektiden opfrege. Dêr kaam út dat allinnich op de stasjons fan Grou, Akkrum, It Hearrenfean en Wolvegea mear as 2% fan de treinen te let fuort rydt. De fertraging op alle oare Fryske stasjons is neffens de krante minimaal.

Op de webside fan NRC stiet in kaart fan alle stasjons yn hiel Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)