Untslaggen berne-opfang Sinne

08 okt 2014 - 10:13

Sinne kinderopvang yn Ljouwert jout 21 minksen dien. Ek wurde minsken mei in nul-oerekontrakt minder of hielendal net mear oproppen. De besunigings binne nedich om't hieltyd minder minsken gebrûk meitsje fan de berne-opfang. En dat betsjut minder ynkomsten foar Sinne. De minsken dy't boppetallich binne, komme benammen út managementfunksjes.

Der komme ek in pear nije funksjes. Foar de meiwurkers dy't hjir net yn passe, is in sosjaal plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)