Ynfal ynspeksje op gemeentehûs

© gemeente Smellingerlân
De arbeidsynspeksje hat freed in ynfal dien op it gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten. De ynspeksje is ynskeakele troch in groep amtners dy't sizze dat se al jierren lêst ha fan yntimidaasje en ûnfeilichheid op it wurk. De arbeidsynspeksje besjocht oft de gemeente him hâldt oan de regels op it mêd fan sosjale feilichheid.
Ferline jier hat Bureau Berenschot ûndersyk dien nei de wurksfear. Nei oanlieding dêrfan hat de gemeente in plan fan oanpak makke om dêr wat oan te dwaan.
Guon liedingjaanden dy't ûnder fjoer leinen hawwe in oare funksje krigen, mar de sfear op it gemeentehûs is noch altiten net ynoarder, sa seit in part fan it personiel.