Jubileum Aylva State Wytmarsum

07 okt 2014 - 22:02
  • De gearstallers mei it jubileumboek

Wensintrum Aylva State yn Wytmarsum fiert dizze wike it 50-jierrich bestean. Tiisdei wie de ôftraap mei de presintaasje fan it jubileumboek. Frou Buwalda (101) krige as âldste bewenner it earste eksimplaar útrikt.

It boek beskriuwt net allinnich de skiednis fan it hûs, mar jout ek tal fan resepten fan iten fan eartiids sa as 'opstoomde finsterbanken', 'weakke bôle' en 'Rats, Kuch en Bonen'. Nei de boekpresintaasjes wie der ek noch in priuwerij fan dizze gerjochten.

Aylva State is ûnderdiel fan soarchgroep Tellens. Yn it ramt fan it jubileum binne der noch de hiele wike aktiviteiten yn it hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)