Moleplein Hearrenfean opknapt

07 okt 2014 - 20:50

It Molenplein yn it sintrum fan It Hearrenfean wurdt opknapt. Der komme trije winkels, wêrfan twa supermerken. De wenningen oan de Van Dekemaleane wurde ôfbrutsen en de romte dy't sa frijkomt wurdt brûkt om te parkearen. De bou begjint nei de boufak yn 2015.

It plan kin realisearre wurde troch in bydrage fan 1,4 miljoen euro fan de provinsje. Neffens wethâlder Siebren Siebenga is yn oerlis mei de provinsje en ûndernimmers út it sintrum fan It Hearrenfean de kar fallen op dit plan.

De kosten fan it totale plan wurde rûsd op 5 miljoen euro. Ferline jier lei der in plan fan 23 miljoen euro, ûnder oare foar de bou fan in parkearkelder. Mar dat waard tsjinholden troch de Provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)