Zalen Schaaf noch 4 jier iepen

07 okt 2014 - 19:20
  • Sealesintrum Schaaf

Zalen Schaaf yn it sintrum fan Ljouwert bliuwt de kommende fjouwer jier noch iepen. Dat hat it kolleezje fan B&W fan Ljouwert besletten. Der wienen plannen om it teater te slopen, sadat der wenten boud wurde kinne. Dêr is lykwols gjin belangstelling foar by projektûntwikkelders.

De mooglikheden om it sintrum profesjoneel út te baten wurde lykwols wol beheind troch de gemeente, want der meie gjin konserten organisearre wurde. Zalen Schaaf mei gjin konkurrint wurde fan bygelyks it Poppoadium. De takomst fan Schaaf nei 2018 stiet noch faai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)