Winkels fan Halfords fallyt

© ANP
Winkelketen Halfords is fallyt. It bedriuw is tiisdei troch de rjochtbank Midden-Nederlân fallyt ferklearre. Halfords hat it fallisemint sels oanfrege. Reden is it drege ekonomyske klimaat. It giet om 102 eigen winkelfêstigings yn Nederlân. Fryske fêstigings sitte yn Ljouwert, Snits en op It Hearrenfean.
It personiel is tiisdei ynformearre. De winkels bliuwe foarearst iepen. Neffens de direksje is in trochstart mooglik. Halfords ferkeapet guod foar fytsen en auto's.