Banemerk foar VMBO'ers

07 okt 2014 - 17:11
  • Bern op de banemerk
  • Bern op de banemerk

In nije banemerk yn Snits moat soargje foar in bettere kar fan Fryske VMBO'ers. Op 't stuit makket mear as de helte fan dizze doelgroep in ferkearde kar as se kieze moatte foar in oplieding. Op de merk koene de bern yn de kunde komme mei tsientallen ferskate beroppen.

Hûnderten bern kamen op it evenemint ôf. Se koene prate mei minsken dy't al wurkje yn harren dreamberop. As de beurs in súkses wurdt, dan wurdt it yn de takomst mooglik op mear plakken yn de provinsje hâlden.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)