"Natuerklup is blyn"

Wynmûnen yn de Bjirmen yn 'e omkriten fan Seisbierrum © Omrop Fryslân, Harm Weistra
De stichting Gjin Romte foar Wynhannel begrypt net wêrom't natuer- en lânskipsorganisaasjes yn Fryslân nije wynmûnen op it lân hawwe wolle en net yn de Iselmar. De stichting striidt al jierren tsjin de komst fan mear mûnen. Arsjitekt Rein Hofstra fan de stichting fynt dat de natuerorganisaasjes gjin sjoege hawwe fan wat de mûnen mei it lânskip dogge.
"Yn ús eagen is dy klup blyn", seit Hofstra. Hy giet wol út fan de goede bedoelings fan de natuerklups, mar fynt dat der te technysk tocht wurdt oer duorsume enerzjy en oer wynmûnen.