F-16's bestoke IS yn Irak

F-16 © ANP
Nederlânske F-16's hawwe tiisdei foar it earst stellings fan IS yn Irak oanfallen. Acht tastellen, wêrfan in part fan de fleanbasis yn Ljouwert, binne stasjonearre yn Jordanië om dêrwei de terreurgroep IS út de loft te bestriden.
It kabinet hat tiisdei besletten gjin aksjes te ûndernimmen yn Syrië. It kabinet is wol yn oerlis mei de koälysjepartners oer aksjes om ynwenners fan de belegere stêd Kobani yn Syrië te beskermjen.