Oranjekoeke foar Fryske derby

By bakkerij De Boer yn Wergea binne se drok dwaande mei de tariedings foar in spesjale oranjekoeke foar de wedstriid Hearrenfean-Cambuur op 19 oktober. Bakker Teije de Boer ferwachtet der soad fan. Hy hat ferline jier by derby-treffens ek sokke 'Fryske-derby-oranjekoeken' bakt.
Op sosjale media is de derby-oranjekoeke in hit, om't minsken de spesjale oranjekoeke ek winne kinne. Fan 17 oktober ôf giet de koeke yn de ferkeap. Dan hawwe se op 19 oktober in lekker hapke foar by de wedstriid.