Flier Aris op tiid klear

07 okt 2014 - 12:48

De basketballers fan Aris spylje sneon harren earste thúswedstriid yn in folslein renovearre sporthal It Kealledykje. Tiisdei waard nammentlik dúdlik dat de nije flier, dêr't it wachtsjen noch op wie, troch de dûane goedkard is. Dat betsjut dat de flier op tiid yn Ljouwert is. Oars moasten de Ljouwerter basketballers op de âlde flier spylje yn de fierder renovearre hal. Freed wurdt de ûndergrûn yn de sporthal lein.

Sneon spilet Aris om 20.00 oere tsjin Weert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)