Undersyk Jorwert ôfsletten

07 okt 2014 - 12:26
  • Jorwert

De plysje hat it ûndersyk nei it deadlike ûngelok yn Jorwert fan begjin septimber ôfsletten. Ut it ûndersyk docht bliken dat op it momint fan it ûngelok in 16-jierrige jonge achter it stjoer siet. Der is proses-ferbaal opmakke. Justysje sil no útmeitsje wat der fierder barre sil.

Op 5 septimber botste in auto mei dêryn fiif jonges op in beam. In 18-jierrige jonge út it doarp kaam om it libben. De oare fjouwer ynsittenden rekken ferwûne. Der hawwe meardere jonges mei de auto riden. Dy wie meinaam sûnder dat de eigener it wist.

Earder waard al dúdlik dat de jonges fertocht wurde fan it feroarsaakjen fan it ûngelok, it ferlitten fan it plak fan it ûngelok, ride sûnder rydbewiis, joyriding en it fertsjusterjen fan de auto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)