Ljouwert as kongresstêd

Ljouwert moat ien fan de grutste kongresstêden fan Nederlân wurde. Dêr set de nije organisaasje Merk Fryslân op yn. Der moatte mear saaklike toeristen nei Fryslân komme en dêr kinne kongressen foar soargje. Neist de oernachtings yn de provinsje sille de hûnderten gasten ek in slach troch de stêd meitsje. Der profitearje de ûndernimmers fan.
Fan 'e wike binne der twa kongressen yn Ljouwert, ien fan Wetsus en in museumkongres. Merk Fryslân besiket de kommende fjouwer jier tsien oant fyftjin grutte kongressen nei Ljouwert te heljen.