"Alle wynmûnen op it lân"

Alle nije wynmûnen yn Fryslân moatte op it lân pleatst wurde. In wynmûnepark yn de Iselmar is te skealik foar de natuer. Dat fine Fryske natuer- en lânskipsorganisaasjes yn reaksje op de kommisje-Winsemius. Dy advisearret de provinsje dat de helte fan de nije wynmûnen op lân komme moat en de helte yn de Iselmar.
Fryslân moat fan it ryk 530 megawatt oan nije wynenerzjy produsearje. De provinsje makket úteinlik út wêr't dy nije wynmûnen komme moatte. Dêrfoar brûke sy it advys fan de kommisje-Winsemius.