Stroomsteuring yn East-Fryslân
In lytse trije tûzen húshâldings yn de omkriten fan Twizel, Kollumersweach, Droegeham, Koatstertille, De Harkema en Jistrum hawwe tiisdeitemoarn sawat trije kertier sûnder elektrisiteit sitten. De earste melding kaam om healwei alven. De steuring wie om tsien oer alven wer foarby.