Webside Marrennijs hâldt op
De nijswebside Marrennijs hâldt der nei sân jier mei op. Reden is dat ien fan de inisjatyfnimmers der om priveeredenen mei ophâldt. De webside wie yn 2007 in inisjatyf fan Jan Brinksma fan De Jouwer en Martin de Vries fan It Hearrenfean.
Earst wie de namme Skarsterlânnijs, mar nei de gemeentlike weryndieling yn 2013 waard dat Marrennijs. Der wurken sa'n 15 frijwilligers foar de webside.