Nij oerlis kultuerbesunigings

Der komt in nij oerlis oer besunigings op de kultuersubsydzjes yn Opsterlân. It doel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders is om de strukturele subsydzje ôf te bouwen. Yn it plak dêrfan wurdt der allinnich jild jûn as der bygelyks wat organisearre wurdt.
Leden fan muzykkorpsen yn Opsterlân binne it dêr net mei iens en hâlden moandei by de riedsgearkomste in muzikaal protest tsjin de plannen. Der waard ek ynsprutsen troch de 'Federatie Opsterlandse Muziekverenigingen' en in alternatyf plan op tafel lein.
Alle belutsenen sille ynkoarten prate oer it alternative plan. Dêrnei is de ried wer oan set.