Gearwurking DE en Blokker

DE Master Blenders 1753 © ANP
Douwe Egberts hat in oerienkomst sletten mei winkelketen Blokker. Klanten fan DE dy't meidogge oan de sparaksje fan it kofjebedriuw kinne de punten tenei ek ynleverje by hast fjouwerhûndert Blokkerwinkels.
DE hat op it stuit sels tolve winkels dêr't minsken de punten omwikselje kinne foar kofje- en teeguod. Dy gean op termyn allegearre ticht. By fjouwer Blokkerwinkels koene al DE-punten ferruile wurde foar artikelen. De útwreiding fan it tal ynleverlokaasjes giet healwei takom jier yn.