Alde tsjerkeflier weromfûn

06 okt 2014 - 21:02

By de oanlis fan riolearring yn de tsjerke fan De Lytse Jouwer bin ûnderdielen fan in âlde tsjerkeflier fûn. It giet om tufstiennen út de midsieuwen. De fynst jout oan dat der al folle earder as tocht in tsjerke stie op de terp. Dy stie ek in stik fierder nei foaren as de hjoeddeistige tsjerke út 1860.

De Ryksarcheologyske Tsjinst is út de skroeven oer de fynst. Foar de oanlis fan de riolearring hat de fynst gjin gefolgen. Dy kin gewoan trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)