Den Oudsten boargemaster Grins

06 okt 2014 - 20:13

Ljouwerter Peter den Oudsten wurdt boargemaster fan Grins. De PvdA-er wie earder wethâlder yn Ljouwert en is op it stuit boargemaster fan Enschede. De foardracht is opmerklik om't D66 de grutste partij is yn Grins. Dochs leveret de PvdA no op 'e nij de boargemaster fan de stêd.

Den Oudsten folget Ruud Vreeman op, dy't tydlik op it plak siet neidat Peter Rehwinkel fuortgien wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)