Tonnen subsydzje foar Wetsus

06 okt 2014 - 18:32

Wettertechnology-ynstitút Wetsus krijt de kommende fiif jier alle jierren 5 ton subsydzje fan it ministearje fan ekonomyske saken. De ambysjes fan Wetsus wurde hieltyd ynternasjonaler en it jild is bedoeld om dêroan te wurkjen.

It nijs waard moandei nei bûten brocht op it jierlikse Wetsuskongres dat moandei en tiisdei yn de Ljouwerter Harmonie holden wurdt. Mear as fjouwerhûndert wittenskippers bin dêr yn petear oer wettertechnology en ynnovative tapassings dêrfan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)