Boalserter stelt fyftjin kear

06 okt 2014 - 17:54

In 27-jierrige Boalserter dy't begjin dizze moanne oppakt is, hat fyftjin stellerijen fan brânstof en kentekenplaten bekend. De man hat op ferskate plakken yn de provinsje taslein.

De fertochte waard trappearre doe't er ôfrûne wike by in tankstasjon op De Jouwer brânstof stellen hie. It ûndersyk nei de man rint noch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)