Film Steven de Jong yn Iran

06 okt 2014 - 17:00

Regisseur Steven de Jong sil takom jier in film opnimme yn Iran. De nije film hjit 'From Iran With Love' en hy giet oer de leafdesskiednis fan in jonge út dat lân en in Nederlânsk famke. De Jong hat al yn it lân op besite west, mar it skript moat noch skreaun wurde.

De opnames fine plak yn Iran en Nederlân. De casting komt noch, mar it is al wis dat Rense Westra meispilet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)