Nij plestikspotsje Omrin

Plestik ôffal moat gewoan yn de grize kontener smiten wurde. Omrin hellet it der wol út. Dat moatte de minsken witte en dêrom set Omrin moandeitejûn útein mei in kampanje, dy't bestiet út tillevyzjespotsjes by Omrop Fryslân en op GPTV. In soad minsken tinke dat it plestik nei de oven yn Harns giet. Mar dat is net it gefal. Omrin hat in spesjale masine dy it plestik út it ôffal hellet en bewurket ta in nije grûnstof. Omrin rint dêrmei foarop yn Nederlân. It ryk wol dat yn 2020 75% fan it ôffal recycle wurdt. Omrin sit no al op 70%.
Dy wurkwize leveret Omrin klanten fan bûten Fryslân op.