Mûne Boerum bliuwt monumint

06 okt 2014 - 16:23

De mûne fan Boerum hâldt de monumintale status. Dat hat minister Jet Bussemaker moandeitemiddei bekend makke. De mûne baarnde twa jier lyn hielendal ôf. Hy is wer opboud mei safolle mooglik orizjinele materialen, mar de minister woe de monumintale status dochs ferfalle litte.

Under druk fan de Twadde Keamer hâldt mûne Windlust de monumintestatus. Bussemaker beneidrukt dat dat in útsûndering is. Stifting erfguod Kollumerlân is út de skroeven mei dat beslút. Se hiene net ferwachte dat de minister al sa gau dit beslút nimme soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)