Wetterekspo Weststellingwerf

06 okt 2014 - 15:51
  • Wethâlder Frans Kloosterman iepenet útstalling wetter troch de skiednis hinne

Wethâlder Frans Kloosterman fan de gemeente Weststellingwerf hat moandei yn it gemeentehûs yn Wolvegea in útstalling iepene oer de rol fan wetter yn de skiednis fan 'e gemeente. Oktober is de moanne fan de skiednis. Dêrom binne yn meardere gemeentehuzen útstallings.

Wetter spilet in grutte rol yn de histoarje fan Weststellingwerf. Sa hawwe der yn 1825 en 1916 bygelyks oerstreamings west yn de gemeente. Tsjintwurdich hawwe de ynwenners ek in soad wille fan wetter mei bygelyks by it reedriden en swimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)