Rekôrs brutsen by fûgeltelling

Mei de fûgeltelling Euro Birdwatch fan ôfrûne sneon binne alle rekôrs brutsen. Moandei waard bekend dat yn stee fan 1,1 miljoen fûgels, it om hast 1,4 miljoen fûgels giet. Oan de telling yn Fryslân diene 150 minsken mei. Dy telden 112.000 fûgels, ferdield oer 110 soarten. Protters waarden mei 56.000 kear it meast sjoen.
Dat der safolle fûgels sjoen binne, hat neffens de Fûgelbeskerming te krijen mei it moaie waar. Om't se yn 'e wyn hiene, fleagen de fûgels leger as oars en wiene se better te sjen.