Stellerij út miljeustrjitte

© Omrop Fryslân
De plysje yn Snits hat sneintenacht trije kear op 'e paad west foar stellerij út in kontener yn de miljeustrjitte oan de Wetterskipsdyk. Fiif manju binne oanhâlden.
Oan it begjin fan de jûn waarden in man (29) út Snits en ien (28) út De Jouwer oanhâlden. Letter krige de plysje in melding dat wer twa manlju de kontener oan it leechheljen wiene. De twa Snitsers fan 26 en 31 jier binne oanhâlden. Harren auto lei fol stellen guod. Wer letter yn de nacht koe de plysje foar de tredde kear útrukke. Doe waard in Snitser (38) arrestearre.
De plysje hâldt de kontener yn de gaten fanwege eardere stellerijen.