Gebiet om N381 moat moaier

06 okt 2014 - 12:02

Yn Donkerbroek binne moandeitemoarn hantekeningen set ûnder ôfspraken om it gebiet om de nije N381 hinne moaier en oantrekliker te meitsjen foar bewenners en toeristen. Ien fan de grutste maatregels is it ferdjipjen fan de âlde turfrûte tusken Easterwâlde en De Gordyk nei 1 meter 30. Itselde wurdt dien yn de Tsjonger tusken Easterwâlde en Aldskoat. Neist de farwegen wurde de op- en ôfstapplakken by brêgen ferbettere.

De oerienkomst om dit soart saken út te fieren waard ûndertekene troch deputearre Sietske Poepjes, wethâlder Wietze Kooistra fan Opsterlân en wethâlder Jan Henk Veenhouwer fan Eaststellingwerf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)