Sân lokaasjes yn wynrapport

06 okt 2014 - 10:37

De kommisje-Winsemius stelt foar om op sân plakken yn Fryslân wynmûnen del te setten. Sy moatte komme by Reduzum, Dronryp, Spannenburch, by de Bjirmen by Seisbierrum, by Hjerbeam, op de seedyk by Harns en op de kop fan de Ofslútdyk. Dat is moandei bekend wurden.

Trettjin oare plannen krije in posityf advys op betingst, ûnder oare Dearsum, Ferwert, IBF Hearrenfean, Wommels-Iens, Beabuorren, Sieswerd en Haskerdiken. Der moatte neffens de kommisje gjin wynmûnen komme yn Kollumerlân, de Riedpolder, Wjukslach-East en Kûbaard.

De kommisje hat alle wynmûneplannen fan Fryslân beoardiele. Fryslân moat fan it ryk 530 megawatt produsearje. Om dat te heljen binne 33 plannen yntsjinne. De kommisje stelt foar om in organisaasje yn it libben te roppen dy't de útfiering fan de plannen koördinearret. Njonken it bouwen fan nije mûnen moatte in soad âlde mûnen opromme wurde, seit Pieter Winsemius. It kolleezje fan Deputearre Steaten nimt op 28 oktober in beslút oer it advys fan de kommisje-Winsemius. Deputearre Hans Konst fan de Provinsje Fryslân is tige ynnaam mei it advys fan de kommisje-Winsemius oer de helberens fan wynmûnen op it Fryske lân.

Foar de trettjin 'positive plannen op betingst' sjocht pro-wynenerzjygroep 'Fryslân foar de wyn' noch wol kânsen. Yn de measte gefallen giet it om plannen dêr't in net al te heech draachflak foar is. Foarbylden fan plannen mei in beheind draachflak binne dy by It Hearrenfean by it ynternasjonale bedriuweterrein IBF en by it kanaal. De inisjatyfnimmers fan dy plannen moatte de kommende tiid hurd oan de slach om de plannen akseptabeler te meitsjen foar de omjouwing. Dat seit Albert Koers fan 'Fryslân foar de wyn'. Foar de trettjin ôfwiisde plannen is gjin draachflak. Twa inisjativen foar wynparken yn Kollumerlân binne tige ûnpopulêr. Neffens ûndersyk stiet mar 13% fan de befolking achter de wynparken dêr. Wethâlder Jelle Boerema fan Kollumerlân is tefreden oer it feit dat de kommisje-Winsemius negatyf advisearre oer de wynplannen yn syn gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)