FNP'er Boonstra hâldt op

06 okt 2014 - 07:21
  • Hindrik Boonstra mei de FNP-priis Sulveren Fyts

FNP-riedslid Hendrik Boonstra yn De Fryske Marren hâldt mei yngong fan 22 oktober 2014 op. Syn wurk mei ûnregelmjittige wurktiden en in drokke húshâlding mei lytse bern, yn kombinaasje mei it riedswurk, hawwe laat tot sûnensproblemen.

Boonstra, bekend fan de band Jitiizer, hâldt derom op doktersadvys op mei it riedswurk. De fraksje begrypt en respektearret it beslút fan Boonstra. Wa’t Hendrik Boonstra opfolgje sil, is op dit stuit noch net bekend. De proseduere is yntusken yn gong setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)