Advys Winsemius komt moandei

De kommisje Winsemius presintearret moandei harren advys oer wêr yn Fryslân wol en net draachflak is foar it pleatsen fan wynmûnen. De kommisje koe kieze út 34 plannen dy't yntsjinne binne by Fryslân foar de wyn. Dy hat fan de provinsje opdracht krigen om te sjen wêr't op lân in part fan de 530 ferplichte megawatt oan wynenerzjy realisearre wurde kin.
Ut it draachflakûndersyk kamen 12 plannen nei foaren mei ridlik wat stipe en yn alle gefallen net al tefolle wjerstân. It giet ûnder oare om plannen by Harns en om de doarpsmûne fan Reduzum.
Nei publikaasje fan it einrapport fan de kommisje Winsemius is it wurd oan Provinsjale Steaten. Dy meie harren opmeitsje foar in drege put. Yn desimber moatte de Steaten yn prinsipe in beslút nimme oer hokker wynmoleplannen yn Fryslân wol en net trochgean meie. As it net slagget om al dy wynmûnen op lân te pleatsen, dan komt de Iselmar yn byld as wichtichste lokaasje foar in grutskalich wynmûnepark.