Huurneman wint Survivalrun

Dinant Huurneman út Winterswijk hat snein de 21e edysje fan de Bikkelsurvivalrun yn Ljouwert op syn namme skreaun. Rogier van Vliet út Westerbork waard twadde, folge troch Jan Nauta út Marknesse dy't as tredde einige. Bêste Fries wie Wim van der Graaff fan Sint-Anne op it fyfde plak.
By de froulju gong de winst nei Liesbeth de Feyter út Baal. Lenneke van der Heide fan It Hearrenfean waard twadde, foar Alinda ten Hoor fan De Fochtel dy't it brûns pakte.
De dielnimmers hienen perfekte omstannichheden mei droech waar en net al te hege temperatueren. Al mei al kamen goed 1500 minsken yn aksje. Mear kin de organisaasje op dit stuit net oan, liet Marcel Copini witte. Survival wurdt hieltyd populêrder, merkt Copini oan it grutte tal oanmeldings. Foar de 21e edysje moast de organisator ferskate minsken teloarstelle, om't de dielnimmerslist al rap fol stie.