Kninestân Skier bot op en del

05 okt 2014 - 13:37

Natoerleafhawwers op Skiermûntseach koene har eagen fan 't jier hast net leauwe. Ynienen wiene der in soad kninen te sjen op it eilân. Dat is apart, want de bistjes wiene sa goed as útstoarn op it eilân. Der wiene sels plannen foar it útsetten fan kninen fan de fêste wâl. Even like it der op dat de natoer him hjirsels mei rêde soe.

De ôfrûne simmer giet it wer mis. Miggen brochten it myksomatoazefirus oer, dêr't kninen by boskjes oan deageane. Hjirtroch is it mooglik dochs nedich om nije kninen út te setten op it eilân.

Cynthia Borras fan Natuurmonumenten krijt de lêste tiid hieltiten mear meldings fan sike kninen.

Trefwurden: 
Skiermûntseach kninen knyn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)