Skuldsanearring: mear Friezen

Fallisemint © Omrop Fryslân
De Ljouwerter rjochtbank hat dit jier oant no ta 25% mear skuldsanearrings útsprutsen as yn de earste 9 moannen fan 2013. It giet dit jier om 844 gefallen. Neffens Bureau Benedictus fan Garyp giet it benammen om partikulieren dy't in berop dogge op skuldsanearring by de rjochtbank. It giet fral om minsken mei in hûs dat ûnder wetter stiet yn kombinaasje mei in echtskieding en of minder ynkomsten troch bygelyks ferlies fan wurk.
Skuldsanearring by de rjochter is allinnich mooglik as je bewize kinne dat der gjin fraude yn it spul is.
It tal bedriuwen en lytse selsstannigen dat in berop docht op skuldsanearring rint wol werom. Ferline jier rekken noch aardich wat ZZP'ers út de bou yn de problemen, dat binne der dit jier folle minder. Skuldsanearring kin in goed alternatyf wêze foar in fallisemint, omdat by skuldsanearring nei trije jier de oerbleaune skulden kwytskolden wurde, wylst se by in fallisemint stean bliuwe.