Froulju sterk op WK turnjen

Céline van Gerner makke yndruk yn Sina © ANP
De Nederlânske frouljusturnploech hat it snein goed dien op it WK yn Nanning. Allinnich de Russyske en Amerikaanske froulju skoarden better as Nederlân, dat mei-inoar 214,662 punten fertsjinne. Sy holden lannen as Kanada en Spanje achter har. Wat de skoare krekt wurdich is, is pas moandei dúdlik as alle ploegen de kwalifikaasje turne hawwe. De doelstelling fan bûnscoach Gerben Wiersma is in plak by de bêste 16.
By de froulju die benammen Céline van Gerner fan Sportstêd Hearrenfean it goed. Sy leit op koers foar in finaleplak.
Van Gerner stiet foarearst op in trettjinde plak. Oan de allroundfinale meie 24 turnsters meidwaan.