Cambuur op dield earste plak

SC Cambuur stiet dield earste yn de earedivyzje. Cambuur hat nei de winst mei 4-1 op FC Dordrecht fan sneontejûn 15 punten, likefolle as PSV, PEC Zwolle en Ajax. Cambuur hat lykwols 8 wedstriden spile; de oare trije klups moatte snein noch.
SC Hearrenfean stiet op dit stuit achter dizze fjouwer klups, mei 14 punten. SC Hearrenfean ferlear juster mei 2-1 fan Willem II. Cambuur hat besletten om de seleksje fan it earste snein frij te jaan.