Jonkje ferwûne by oanriding
In jonkje fan 3 jier út Drachten is sneon ferwûne rekke, neidat hy oanriden waard troch in auto. It ûngelok barde op de Noarderdwersfeart yn Drachten. It jonkje draafde ynienen de dyk oer, tsjin in auto oan, dy't bestjoerd waard troch in man fan 23 jier út Surhústerfean.
It jonkje is mei in brutsen skonk nei it sikehûs brocht.