Earste Laweikonsert yn tinte

De earste foarstelling fan skouboarch De Lawei yn in spesjale tinte yn Drachten is goed ferrûn. Dizze tinte ferfangt de skouboarch, dêr't de nijbou al in pear wike stilleit troch in konflikt mei de oannimmer. De 200 besikers wiene goed te sprekken oer de sfear yn de tinte. Guon fûnen allinnich de stuollen te hurd. It bestjoer fan De Lawei sil sjen wat se dêr oan dwaan kinne.
Omdat de tinte achter de âlde ambachtsskoalle stiet, njonken wenhuzen, is eventuele lûdsoerlest kontrolearre. Ut mjittings die bliken dat it leven ûnder de noarm wie.
De Lawei krige freed gjin gelyk yn it skeel mei boubedriuw Van Norel. De skouboarch moat 3,2 miljoen euro betelje oan de bouwer foar dien wurk, en dêr kinne noch wat rekkens by komme. De gemeenteried fan Smellingerlân hat ôfrûne moandei besletten garant te stean foar it ôfbouwen fan De Lawei foar in bedrach fan 3,7 miljoen euro.