Grutte Bear wint yn Langwar

04 okt 2014 - 17:33
  • Het Pulletje yn aksje
  • De froulju fan Makkum wiene de grutte ferliezers fan sneon

De fyfde Langwarder sloeperace waard sneon in proai foar de Grutte Bear fan De Jouwer. It twadde plak gie nei de roeiers fan De Orkaan út Harns. Koprinner Het Pulletje út Katwyk einige as tredde. Dêrtroch bliuwt it spannend yn de striid om it kampioenskip. Nije wike is de finale yn Amsterdam.

By de froulju gong de winst nei Beluga út Snits. Pulp Fiction fan Makkum einige as twadde. De Makkumer froulju hienen har al fersekerje kinnen fan de titel, mar in oanfarring smiet de plannen yn it wetter. Yn Muiden falt oer twa wike de beslissing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)