Hambüchen falt ôf op WK

© ANP
Epke Zonderland hoecht yn de WK-finale oan de rekstôk gjin rekken te hâlden mei de Dútske konkurrint Fabian Hambüchen. De Dútser, ferline jier op de Olympyske Spelen noch twadde nei Epke, makke sneon by de kwalifikaasjes in flater healwei de oefening. Hy makke de oefening noch wol ôf, mar syn skoare fan 14,366 punten wie te leech foar in finaleplak. Hambüchen waard 22e.
Zonderland kwalifisearre him mei de heechste skoare: 15,600. Hy hâlde de Japanner Kohei Uchimura (15.200) en de Sinees Zhang Chenglong (15,166) achter him.
De Nederlânske turnploech hat yn it Sineeske Nanning by de lannewedstriid in 18e plak beskrept. Dêrmei is de doelstelling helle, in plak by de bêste 25. Dat betsjut dat de ploech wis is fan dielname oan it WK fan 2015 yn Glasgow. Dêr moat de ploech dan pleatsing foar de Olympyske Spelen fan 2016 yn Rio de Janeiro ôftwinge.