LDODK pakt winst yn slotminút

De kuorballers fan LDODK wûnen sneon mei 16-15 wûn fan OVVO/De Kroon. Yn Maarssen holden de ploegen inoar lang yn lykwicht. By in stân fan 3-3 rûn LDODK lykwols út nei in 8-4 foarsprong. By 8-5 sochten beide ploegen de klaaikeamers op.
Yn de twadde helte ferromme de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool de marzje nei 11-6. By de stân fan 15-9 like de wedstryd spile, mar OVVO kaam op 'e nij werom oant 15-15. André Zwart sette yn de slotminút de winnende treffer op it boerd.