ONS pakt punt yn Spakenburg

ONS Boso Snits spile sneon mei 0-0 lyk by IJsselmeervogels. Yn Spakenburg foarkaam keeper Ivan Landlust nei 10 minuten spyljen mei in knappe rêding de iepeningstreffer foar de thúsploech. In treffer fan Tjisse Kerkstra nei in lyts healoere waard ôfkard fanwege bûtenspul. Fuort dêrnei krige IJsselmeervogels in strafskop, mar op 'e nij brocht Landlust rêding.
Nei rêst waard Landlust wer haadrolspiler doe't er opnij alles kearde. Allard Westerdijk fan ONS hie yn de slotsekonden de winst op 'e skoech, mar skeat krekt njonken de goal.