Drachtster Boys ferliest thús
Drachtster Boys ferlear sneon mei 1-0 fan DVS '33. Op eigen fjild kamen de Drachtsters nei 20 minuten spyljen op efterstân. Foar rêst ûntsnapte de ploech fan trainer Fred de Boer oan in 2-0 efterstân, doe't de kopbal fan DVS '33 krekt oer gong.
Yn de jacht op de lykmakker wienen Sicco Bouwer en Harvey Bischop nei rêst gefaarlik, mar beide Drachtsters fersommen te skoaren. Yn ekstra tiid krigen de gasten út Ermelo op 'e nij in grutte kâns, mar troch in knappe rêding fan Drachtster keeper Jarno de Jonge bleau it 1-0 foar DVS '33.