Froulju Dr. Boys spylje lyk

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys © @DFT
De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn mei 2-2 lykspile tsjin FSG/Gezien.nl. Yn Sittard kamen de Drachtster froulju al nei 8 minuten spyljen op efterstân. Brenda Eefting liet sjen yn foarm te wêzen en sette de lykmakker nei in knappe aksje op it boerd. Foar it skoft kaam FSG op 'e nij op foarsprong.
Yn de twadde helte gong de ploech fan trainer Jos Alkema op syk nei de lykmakker. Dy kaam 8 sekonden foar de ein op namme fan Lotte Donath. Ut in hoekskop skeat sy de 2-2 yn it net en pakte dêrmei in swierbefochten punt.