Iepen hûs by biste-asilen

04 okt 2014 - 14:32

De diere-asilen yn Fryslân holden sneon op dieredei wer iepen hûs. Der waarden tal fan aktiviteiten organisearre. By opfang De Wissel yn Ljouwert wachtsje in lytse hûndert katten en trettjin hûnen op in nije baas. Ek wie der oandacht foar de chip-aksje. Yn dat gefal wurdt der in chip oanbrocht krekt ûnder de hûd fan it bist. Sa kin dy altyd werom fûn wurde.

By Aqua Zoo krigen de bisten ekstra lekker iten yn ferbân mei dieredei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)