'Afkes Tiental' no ek as strip

04 okt 2014 - 14:11

Op 17 oktboer wurdt 'De tsien fan Martens Afke' as strip presintearre. Dick Matena hat de klassiker fan Nienke van Hichtum werskreaun en der in strip fan makke. Der is in Nederlânske en in Frysktalige útjefte. De Fryske oersetting is fan Jant van der Weg, de oersetster fan it oarspronklike ferhaal.

Striptekener Dick Matena is dit jier bekroand ta 'Levend Erfgoeddrager' fan 2014. Hy is ek de tekener fan de Kameleon as strip. De presintaasje fan 'Afkes Tiental' is by Tresoar. Dêr heart ek in eksposysje by fan guon orizjinele tekeningen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)